André

André


Fan e wike syt ik yn e discotheek. En ik fielde my dochs sa allinnich. Troch de boksn dreunde ‘Zij gelooft in mij’ en ik probearde in bietsje mei te fluitsjen. Moast riede wa’t er doe binnenkaam. Ja wis, die sjonger fan De Kast, die no net mear bestiet. Wiebe, Siebe? Hoe hiet er ek mar wer? Jo witte wol, die feint mei die enoarme bosk krullen en dat Germaanse gesicht. Earmen as skeepskabels en in moele om te tûtsje. En om te sjonge, dat docht er dan ek benammen. No, die kaam binnen.


Sterker noch, hy kaam rjocht op my ôf. “Wat dochst no?”, freeche der. “Skrieuwe yn de discotheek?” Ik knikt. “Ik skrieuw in brief oan myn mem. Sy is jammer genoch al heech yn e himmel.” Hy lei syn hannen op mien skouders, boach sich wat foaroer, werby ien fan syn krullen oer syn eagn foel. “Du bist de himmel en de ierde”, sei der. Hy wurde in bietsje ferliefd. Dat wy nuver. Eltse kear at Wiebe of Siebe song oer dat er altiten wol soe blieuwe sykje nei de ideale frou, tocht ik: ‘ja jong, du hast my noch nea sjun.’ No syt er wis en wrammels tsjinoer my.


“Der sil gjin dei begjinne dat ik netby dy bin”, flusterde er my yn it ear. Dat benauwde my wol wat, mar goed, it klonk wol leaf. Sa beleefden wy in moaie nacht en yn it hert fan myn gefoel soe ik him nea ferjitte.


 


De oare moarns pak ik de krante fan tafel. Wat les ik no? André Hazes is ferstoarn. Skande! Want sa knap as Syb wie der net, mar sjonge? Dat koe der.


 


opleiding Journalistiek


3e jaar, 2004